Dioksinemjittter net oanset nei weropstarten ôffaloven Harns

25 apr 2016 - 16:18
  • By it opstarten fan de ôffaloven kaam in stofwolk frij

De útstjit fan de REC yn Harns is de ôfrûne dagen net kontrolearre op dioksine. Dat hat eigener Omrin witte litten oan de gemeente en de provinsje. De mjitting wurdt dien troch in ûnôfhinklik bedriuw yn opdracht de gemeente Harns,

Omrin is sneon wer begûn mei it ferbaarnen fan ôffal yn de REC, neidat de oven om ûnderhâld in skoft stillein hie. Oan de ein fan de dei die bliken dat de dioksinemjitapparatuer yn de piip net oanset wie. Dat hie automatysk barre moatten by it opstarten fan de oven, ein ferline wike.

It bedriuw dat ferantwurdlik is foar de mjittings is frege de apparatuer sa gau mooglik oan te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)