UPDATE: Ferkear op de A32 begjint wer te riden

25 apr 2016 - 16:36
  • A32 ôfset fanwege hagel
  • De situaasje by de ôfslach Grou
  • A32 diels ôfset fanwege hagel

It ferkear op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean wurdt stadich wer op gong brocht troch middel fan blokriden. De wei hat moandeitemiddei in oere ôfsletten west yn beide rjochtings fanwege meardere ûngelokken troch swiere hagelbuien. Dêrby rekken trije minsken ferwûne. Sy binne troch ambulânsepersoniel behannele en hoegden net nei it sikehûs. Der wiene tweintich oant tritich oanridings mei in soad materiële skea.

Ferkearsdielnimmers moatte foarsichtich ride, yn alle gefallen net hurder as de situaasje it talit, seit de plysje.

Hagelbuien soargen moandeitemiddei rûnom yn de provinsje foar oerlêst foar it ferkear. Bij Seisbierrum wie earder fan 'e middei in ûngelok dêr't meardere minsken bij ferwûne rekke binne. Der wiene ek problemen op de A31 en de N31. By Frjentsjer en Surch rekken auto's fan de dyk troch de hagel. 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)