Meardere ferwûnen by frontale botsing by Seisbierrum

25 apr 2016 - 14:22
  • In dikke laach hagel op de dyk by de A31

By in frontale botsing op de Frjentsjerterdyk by Seisbierrum binne oan it begjin fan moandeitemiddei meardere minsken ferwûne rekke. Under de ferwûnen is mooglik ek in bern. De helptsjinsten binne manmachtich útriden. 

Nei alle gedachten is in hagelbui de oarsaak fan it ûngelok. De beide auto's rekken swier skansearre. De dyk is ôfsletten.

Troch deselde hagelbui rekke in automobilist op de A31 by Frjentsjer fan de dyk en botste tsjin de fangrail. In twadde auto botste hjir efterop. It is noch net bekend of hjir minsken by ferwûne rekke binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)