Plysje siket tsjûgen ynbraken yn Beetstersweach en Ljouwert

25 apr 2016 - 14:10

De plysje ûndersiket in rige ynbraken it ôfrûne wykein yn bergingen oan de Haadstrjitte yn Beetstersweach. Nei't de ynbrekkers earst in bûtendoar oan de kant fan it Ruterpaad iepenbrutsen hiene, brutsen se de bergingen iepen. Der binne ûnder oare in kettingseage en in bile stellen.

Unbekenden hawwe ôfrûne nacht ynbrutsen yn in túnhokje by in wenning oan de Rollemasteate yn Ljouwert. De bút bestiet út in racefyts fan it merk Koga Myata, in frouljusfyts, in barbecue en meardere beitels.

Yn beide saken wurdt tsjûgen frege har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)