Hierferheging sosjale wenten yn Fryslân leger as lanlik

25 apr 2016 - 13:51
  • Elkien

De hier fan de measte sosjale hierwenten yn Fryslân giet op 1 july mei 0,6% omheech. WoonFriesland en Elkien, tegearre ferantwurdlik foar mear as 43.000 hierwenten, hawwe dat moandeitemoarn bekend makke. Lanlik ferheegje de wenningkorporaasjes de hieren mei gemiddeld 1%, wylst it kabinet de maksimale hierferheging op 2,1 stelt hat.

Om it saneamde 'scheefwonen' tsjin de gean, kin de hier fan minsken mei in heech ynkommen oant wol hast 5% ferhege wurde. Elkien docht dat ek, mar WoonFriesland net, om't se kwealik hierders yn dy kategory ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)