Doarpshûs Jonkerslân krijt jild foar ferbouwing

25 apr 2016 - 11:46
  • Jild

De fernijbou-kommisje fan it nije doarpshûs yn Jonkerslân kin nei in skinking fan 40.000 euro fan it Oranje Fûns oan de slach. Mei it jild kin Us Doarpshûs ynrjochte wurde as húskeamer fan it doarp. It wachtsjen is noch op de boufergunning, wêrnei't frijwilligers oan it wurk kinne.

It Oranje Fûns ferdielt alle jierren miljoenen euro's oer mear as 7500 inisjativen dy't derfoar soargje dat minsken mekoar moetsje kinne en minder iensum binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)