"Twa sjauffeurs fan Klomp ha moandei ritten net riden"

25 apr 2016 - 09:44

Neffens de earste berjochten hawwe moandeitemoarn twa sjauffeurs fan Klomp harren ritten mei kliïnten fan soarchgroep Alliade net riden. Wurdfierder Gerard Akkerman fan Alliade seit dat it bedriuw alles skerp yn 'e gaten hâldt en dêrom binne de ritten troch oare sjauffeurs riden. Dat kin wol langer duorje.

De bewâldfierder fan Klomp blokkearre earder alle tankpassen, wêrtroch sjauffeurs yn guon gefallen sels de brânstofkosten foarsjitte moatte. Se krije dy kosten letter werom.

Neffens it fakbûn FNV kin in diel fan de meiwurkers it jild lykwols hielendal net foarsjitte om't se te min betelle krije om't Klomp him net oan de cao hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)