Kollum: "Dit is myn kollum en dêr moatte jo it mei dwaan"

25 apr 2016 - 08:57
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ofrûne wike foel der in brief fan it CJIB by my op ‘e matte. No krij ik net sa faak post fan it Centraal Justitieel Incassobureau, mar ik hie fuort wol yn ‘e gaten dat it flink mis wie. Kutsjecola tocht ik, ha se my dochs flitst dêr by de Drachtster brêge. Mar dat wie net sa, ik wie flitst yn Grins op de Rykswei. Op 6 april om healwei sânen jûns. Hè? Das nuver, tocht ik. Dêr kom ik ommers nea.

Miskien is it wol in spookfaktuer, wie myn earste gedachte. Ik krij de lêste moannen alle dagen hast wol in spookfaktuer fia de mail fan de KPN foar it beteljen fan myn ynternetstjinsten. Ik ha hielendal gjin ynternet fan KPN, dus dat is kleare ûnsin. En de lêste wike krij ik ek faktueren fia de mail fan in ôfstjoerder mei de namme Intrum Justitia. Allegearre nep fansels, mar it sjocht der ferrekte echt út. Ik kin my bêst foarstelle dat tûzenen minsken der yntraapje en braaf betelje.

Al dy spookfaktueren soargje der wol moai foar dat ik yntusken sa paranoia as in doar oan it wurden bin. Dus as in trochdraaide NCIS resjersjeur siet ik nei myn CJIB brief te koekeloeren. Healwei sânen jûns op de Rykswei yn Grins, wat soe’k dêr eins moatte? Yntusken wie’k ûngemurken transformearre yn in soarte fan Bram Moszkowicz, krampeftich op syk nei bewiismateriaal dat ik it net west wie.

‘Waar was u op 6 april om half zeven?’, hearde ik Bram freegjen. Earst de aginda der mar ris by. De hiele dei wie sa blanko as mar koe. Der stie allinnich in ôfspraak dat ik om sân oere jûns in blok te hurdrinnen soe mei myn skoansuske. Mar hiene we dat ek écht dien? Doarde ik mei de hân op it hert te swarren, ‘zo waarlijk helpe mij god almachtig’ dat ik dy jûns hurdrûn hie? Eeeh, nee.

Dus What’s App der by. Sykje nei ús app-petear op 6 april. Ja, dêr stie it. Sy soe my om sân oere oppikke, mar wie wat letter omdat se earst noch te stimmen moast. It wie ommers dy dei fan de stimmerij foar of tsjin Oekraïne. Yn myn holle hearde ik Bram Moszkowicz al sizzen: ‘U heeft wel een alibi mevrouw, maar technisch gezien is het mogelijk dat u om half zeven nog in Groningen op de Rijksweg heeft gereden.’ Myn harsens draaiden yntusken oeroeren.

Der siet mar ien ding op. De foto opfreegje om te tsjekken oft it yndied myn skriuwweintsje wie dat te hurd oer de Rykswei knettere wie. Dat koe handich en fluch fia de webside fan it CJIB, stie op myn brief. Mar doe’t ik op it ikoantsje fan de foto klikte, kaam der in boadskip dat it net mooglik wie om dizze foto te besjen. ‘Neemt u contact op met de politie via 0900 8844.’

By ‘Geen spoed, wel politie’ krige ik in man oan de telefoan. Ik moast it saaknûmer oplêze en waard doe trochferbûn mei it oanbelangjende plysjeburo. Mentaal wie ik der hielendal klear foar. Ik siet strak mei de telefoan oan it ear en hie al myn bewiismateriaal yn gedachten op in rychje klear lizzen om dy Grinzers der fan te oertsjûgjen dat ik it nét west wie. Appkes, ôfspraken yn de aginda, en as dat net wurke dan woe ik dy flitspeal-foto wolris sjen.

‘Wat kan ik voor u doen?’ frege in relaxte plysjefrou. Dus ik útlizze dat ik in boete krige foar in oertrêding, wylst ik der 99 prosint wis fan wie dat ik it nét dien hie. ‘Ik ga eens even voor u kijken’, sei se kalm. It duorre noch gjin minút of ik hie har wer oan de telefoan. ‘U heeft gelijk, het zou ook best een ander nummerbord kunnen zijn. Dus we trekken de zaak tegen u in.’ Huh? Wie dat alles? Giet soks sa maklik? ‘Oh, fijn’, hearde ik myn eigen Bram Moszkowicz-stim sizzen.

Freed lei der in brief fan de plysje op de matte. ‘Geachte kentekenhouder, hierbij bericht ik u dat het CJIB de betreffende beschikking heeft vernietigd.’ En hielendal ûnderoan stie noch wol it aldermoaiste: ‘Ik bied u mijn verontschuldiging aan voor het veroorzaakte ongemak.’ No, das dochs netsjes.

Dus mochten jo nochris in brief op ‘e matte krije fan it CJIB en jo wolle ek in saakje oanspanne, dan witte jo my te finen. Nynke van der Zee, de Schrijvende Rechter. Of sa’t ik no altyd sis: “Dit is myn kollum en dêr moatte jo it mar mei dwaan”. Noflike moandei!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)