Snertsieder Sjoerd Flameling krijt earste Omroplintsje 2016

25 apr 2016 - 08:25

It earste Omroplintsje fan 2016 is moandeitemoarn útrikt oan Sjoerd Flameling fan Drachten. Flameling siedt al sûnt 2004 snert foar Yndonezië en syn frou Betty fynt dat wol in lintsje wurdich.

Op fakânsje op Baly kaam de Drachtster yn 'e kunde mei in Yndonezysk gesin dat it net breed hie. Wer thús woe er der graach wat foar dwaan. Flameling hat wrâldkampioen snertsieden west en sa kaam er op it idee om eigenmakke snert te ferkeapjen foar it gesin.

Hy hat er sels in spesjale snertpanne foar kocht, dêr't er yn ien kear 25 liter sop yn siede kin. No, tsien jier letter, giet it sa goed mei it Yndonezysk gesin dat de Fryske snertstipe net mear nedich is. Mar Flameling hâldt net op, hy ferkeapet no syn snert om jild yn te sammeljen foar in stichting yn Yndonezië dy't bern helpt mei in proteze. Nei alle gedachten sil er letter dit jier wer mei syn frou nei Yndonezië ta.

Radioferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne moandei de hiele dei op 'en paad om Omroplintsjes út te rikken. Sjoch foar mear ynformaasje en folgje it útrikken fan de Omroplintsjes op www.omropfryslan.nl/lintsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)