Lêste stimpel wurdt set foar Fryske Alvestêde-bijelint

24 apr 2016 - 19:36

It giet oan! Moandei wurdt de lêste stimpel setten foar it Fryske alvestêdebijelint. De stêd Sleat is de lêste stêd dy't meidocht oan it projekt. Mei it stimpel tekenje gemeenten in ferklearring dat se gjin gif brûke sille en dat is goed foar de bijestân yn ús provinsje. Der wurdt bygelyks gjin gif mear brûkt yn it iepenbier grien en om ûnkrûd op de stoepen te bestriden.

De gemeenten dy't meidogge ferbine gebieten mei-elkoar sadat der ien grut bijelint troch de provinsje ûntstiet. Yn dat lint kinne bijen genôch iten en beskutting fine.

It projekt begong twa jier lyn as in mediastunt om omtinken te freegjen foar it útstjerren fan de bij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)