Seedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum krijt in lymlaach

24 apr 2016 - 19:04
  • Koehoal
  • De mingynstallaasje fan Heijmans by Swarte Haan
  • De dyk by Swarte Haan

Moandei begjint it wurk oan de seedyk by Swarte Haan, Holwert en Wierum. De diken dêr foldogge net mear oan de feilichheidseasken dy't it ryk stelt. It wurk hâldt yn dat de diken oer in stik fan 13 kilometer in spesjale lymlaach krije, dy't twa kear sa hurd is as asfalt. Dy laach beskermet de seedyk tsjin slitaazje. Tagelyk is it in prima ûndergrûn foar algen, wier en skulpdieren.

Wetterskip Fryslân is it earste wetterskip dat dizze nije lym op grutte skaal tapasse sil. It wurk duorret oant oktober en kostet 12 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)