Winst foar LDODK en SCO, De Hoeve ferliest

© Omrop Fryslân
LDODK hat de earste fjildwedstriid nei de sealkompetysje mei 17-12 fan Blau Wyt Amsterdam wûn. De wedstriid yn de eareklasse waard spile op 'e Gordyk. Troch de winst hat LDODK no seis punten út seis wedstriden, likefolle as de tsjinstanner fan hjoed. Dat betsjut in dield tredde plak. Fortuna út Delft is koprinner mei 10 út 6.
Yn de haadklasse wûn SCO yn Grins mei 20-15 fan Nic. De Hoeve ferlear mei 24-16 yn Den Haach fan HKV/Ons Eibernest. SCO stiet mei tsien punten yn de middenmoat, De Hoeve is mei fjouwer punten foarlêste.