Follybalfroulju Snits wer kampioen fan Nederlân

24 apr 2016 - 17:28
  • De follybalsters fan VC Snits (stockfoto)

De follybalfroulju fan Snits binne foar it twadde seizoen op rige Nederlânsk kampioen. De tredde wedstriid yn de bêste fan fiif searje waard sneintemiddei yn de Snitser sporthal mei 3-1 wûn fan Set Up '65 út Ootmarsum. De froulju fan coach Petra Groenland wûnen foar 1300 taskôgers de earste set mei 25-17. Set Up hie it dreech mei de opslach fan Roos van Wijnen. Mei 25-15 gong ek de twadde set nei Snits. Set Up kaam dêrnei sterk werom. Mei 25-23, nei in 24-17 foarsprong, waard it 2-1 yn sets. It slotakkoard wie mei 25-20 foar Snits.

De earste twa wedstriden hiene de Snitser froulju mei 3-2 wûn.

Nei de huldiging waard fan in tal spilers ôfskied naam. Fenna Zeinstra en Carlijn Jans hâlde op mei topfollybal. Ek Simone Linstra, Denise Baas, Marrit Jasper en Nynke Oud sille Snits ferlitte. De lêste twa wolle in follybalaventoer yn it bûtenlân. Omdat der safolle feroaret by Snits sil de ploech as lânskampioen net meidwaan oan in Europeesk aventoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)