Agressive man skopt rút út plysje-auto

Plysjeauto © ANP
In 39-jierrige ynwenner fan De Marne is sneintemiddei oppakt yn Eanjum foar bedriging. Hy fernielde ek in plysje-auto. De man bedrige syn slachtoffer krekt bûten Eanjum en naaide dêrnei út. Plysjeminsken seagen de man rinnen yn de supermerk en sprutsen him oan. Der ûntstie in wrakseling mar de plysje koe de man ûnder kontrôle krije.
Doe't de fertochte yn de plysje-auto siet, skopte er it rút stikken. De man is nei it plysjeburo yn Ljouwert brocht.