Learlingen Comenius nei Amearika foar Legorobot-wedstriid

24 apr 2016 - 17:30

Learlingen fan it CSG Comenius Mariënburg binne snein nei Amearika ôfsetten foar in grut Lego-spektakel. Mei 108 oare teams út 80 lannen sille se mei in spesjale Lego-robot stride foar de wrâldtitel. It giet om fiif VWO-learlingen út it tredde jier fan de skoalle.

Mei help fan tolve sponsors hawwe de learlingen it projekt yn gong setten. It is foar it earst dat der in Frysk team yn de finale stiet yn Amearika. Yn totaal dogge der alle jierren sa'n 28.000 teams út 70 ferskillende lannen mei oan de foarrondes.

It team, dat JustNormal hjit is te folgjen op har webside: www.justnormal.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)