Diskriminaasjesaak De Boer Drachten moandei foar rjochter

Bas van der Meer © Facebook Bas van der Meer
By de kantonrjochter yn Ljouwert tsjinnet moandeitemoarn om 10 oere in rjochtsaak tsjin de 42-jierrige eigener fan it lânboumeganisaasjebedriuw De Boer yn Drachten. De saak is oanspand troch Bas van der Meer. Hy woe staazjerinne by it bedriuw, mar dat waard him wegere, omdat hy iepenlik foar syn homoseksualiteit útkomt. De saak krige yn alle media in soad omtinken.
De eigener fan it bedriuw wegere him fanwege syn leauwen, mar wurdt no fertocht fan diskriminaasje.