Follybalfroulju Snits kinne snein kampioen wurde

24 apr 2016 - 15:44

De follybalfroulju fan Snits kinne sneintemiddei skiednis skriuwe troch foar de twadde kear op rige lânskampioen te wurden. Dêrfoar moatte de Snitsers winne fan Set Up '65 út Ootmarsum. De Snitster froulju wurde yn de finale stipe troch goed 1300 supporters. Snits wûn de earste twa wedstriden, it waard twa kear 3-2 yn sets.

De wedstriid start 16 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân radio. Ferliest Snits snein, dan hawwe de froulju noch twa kânsen op it kampioenskip. De finale bestiet út in bêste-fan-fiif-searje.

Mochten de froulju fan Snits wêr lânskampioen wurde, hawwe se ek it rjocht om Europa yn te gean. Oft Snits dat ek docht, is lykwols noch mar de fraach. Ferline jier kealle it finansjeel ek al swier. Boppedat hâlde nei dit seizoen inkelde topspylsters, lykas Fenna Zeinsta, op.

De ploech dy't oerbliuwt, is relatyf jong. It nimt tiid om dêr in goed team fan te foarmjen, seit foarsitter Jabik Broersma fan VC Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)