Jongesduo spuitet heakkekrusen op beammen yn Surhústerfean

Twa jonges hawwe sneontenacht heakkekrusen spuite op ûnder oare beammen op De Dellen yn Surhústerfean. Ek waarden in hûs en in auto fernield. De dieders namen dêrneist guod mei dat by de wenning lei. Se binne útnaaid yn de rjochting fan de Taeke Schuilingaleane.
De eigener fan de wenning hat in beleanning fan 500 euro tasein foar de gouden tip oer de dieders.