FIDEO: Gjin snie, mar hagel yn Ljouwert

24 apr 2016 - 14:23
  • Hagel yn Ljouwert

De maaiefakânsje fan 2016 is in stik kâlder as de ôfrûne jierren. Neffens ús korrrespondint snijde it sneintemiddei even yn Drachten. Yn Ljouwert kaam it ta in stevige hagelbui. De hagelstiennen bleaune ek in skoft lizzen.

It waarberjocht biedt net folle útsjoch op ferbettering: ''Buien, hagel en wiete snie. Sa út en troch kin de sinne derby komme. It is in graad as 8 by in frij krêftige noardwestewyn. Fannacht is der froast oan de grûn. Moandei ek buien en 8 graden, middeis romte foar de sinne. Tiisdei in soad bewolking en rein.

Woansdei, Keningsdei, binne der earst buien. Yn de rin fan de middei wurdt it drûch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)