Oer 't Hout yn Grou nimt ôfskie fan lêste flechtlingen

24 apr 2016 - 12:45

De eigeners fan wetterhostel Oer 't Hout hawwe mei pine yn it hert ôfskie naam fan de lêste flechtlingen dy't dêr yn de needopfang sieten. Sûnt novimber waarden dêr tusken de 150 en 180 asylsikers opheind. De lêsten binne freed ôfset nei lokaasjes troch it hiele lân hinne. Op dit stuit wurdt der hurd wurke om it gebou wer klear te krijen foar it kommende toeristeseizoen.

Guon keamers moatte farve wurde en ek tal fan bêden moat ferfongen wurde. Oer it gehiel sjoen is Tjeerd Soer fan Oer 't Hout tefreden oer hoe't de needopfang ferrûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)