Flechtlingen op fjirde edysje Meet & Eat yn Ljouwert

Dizze dielnimster oan Meet & Eat hie it wol nei har sin.... © Elke Riemersma
Sa'n 130 flechtlingen diene sneon mei oan de fjirde edysje fan Meet & Eat. By dit evenemint ite flechtlingen út de needopfang by gastgesinnen. Sa kinne de flechtlingen yn de kunde komme mei de Nederlânske gebrûken en kinne se in jûn bûten de doar ite. Ek organisearren gastgesinnen aktiviteiten lykas spultsjes of giene se te kuierjen.
Ien gesin hat mei de flechtlingen ôfpraat om nije wike mei har allen Keningsdei te fieren. De Meet & Eatgearkomsten wurde organisearre troch in groep frijwilligers, mei help fan de Stichting Present.