Marit Talens nei minderhedeband Tostaband yn Ierlân

Marit Talens
Sjongeres Marit Talens fan Marsum is troch Kulturele Haadstêd Donostia-San Sebastián útkeazen om mei te dwaan oan de Tostaband. It giet om in nije band, mei muzikanten út Baskelân, Galisië, Kornwall, Wales, Fryslân, Ierlân en Skotlân. It doel is dat de band ek yn sân talen optrede sil. Elke muzikant mei twa ferskes yn de eigen taal ynbringe. Marit hat keazen foar Oerol Thús fan Piter Wilkens en foar de eigen komposysje Libbenstier, dêr't se Liet 2015 mei wûn.
Marit stapt woansdei op it fleantúch nei Ierlân foar de repetysjes.
Oanslutend sil de Tostaband op 1 maaie debutearje op in festival yn it Ierske Dingle. Letter dit jier steane ek optredens pland yn alle regio's dy't meidogge oan it Tostaprojekt. It Fryske optreden is de kommende neisimmer op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum.
Marit Talens is troch de Basken selektearre fanwege de goeie yndruk dy't se ferline jier makke op sjongfestival Suns Europe yn Italië. Marit waard dêr, tegearre mei har muzikale freon Nigel, twadde. Marit hat in soad nocht oan it ynternasjonale aventoer. Sy is tige benijd nei de oare muzikanten, dy't se noch noait troffen hat, en nei harren ferhalen en muzykkultuer. Marit Talens is keunststudinte en beskôget de Tostaband as in moaie kâns.
Neffens projektlieder Igor Otxoa fan de Tostaband is it foar earst dat der in band oprjochte wurdt mei sân muzikanten dy't yn sân ûnderskate minderheidstalen sjonge. As de band oanslacht wol hy takommend jier trochgean mei it projekt en de grutte festivals benaderje.