Koopmans bliid mei kealtsjebeslút steatssekretaris Van Dam

24 apr 2016 - 11:45
  • Boerinne Nynke Koopmans

Boerinne Nynke Koopmans fan Tytsjerk is bliid dat keallen net ferplichte langer by de ko bliuwe moatte. De Twadde Keamer naam yn maart noch in moasje fan de Partij voor de Dieren oan dy't dat ferplicht stelde. It soarge foar in soad opskuor yn 'e melkfeehâlderij. Freed makke steatssiktaris Martijn van Dam bekent dat er wegeret regels op te stellen foar it útfieren fan de moasje. Van Dam wol it oan de boeren sels oerlitte.

Neffens Van Dam is it net wittenskiplik oantoand dat it ek better is foar de kealtsjes. Koopmans is it dêr mei iens.

"Dy moasje is der kaam, wylst by wize van sprekken, minsken yn in flatsje trije heech yn Den Haach tsjin de boer sizze: 'we sille jo fertelle hoe't je mei jo fee omgean moatte", sa seit Koopmans. Yn maart hat Nynke Koopmans mei in groep boerinnen nei Den Haach west om te protestearjen tsjin de moasje fan de Twadde Keamer. Dat hat dus fertuten dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)