Skuorre yn Bitgummole baarnt út

24 apr 2016 - 09:32
  • It slagge de brânwacht om te foarkommen dat it fjoer oersloech

In skuorre by in wenning oan de Sikkemabuorren yn Bitgummole is sneontejûn folslein útbaarnd. It fjoer bruts tsjin tsien oere út. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út de skuorre. De brânwachtlju hawwe benammen besocht om foar te kommen dat it fjoer oerslaan soe nei wenten dy't tichtby stiene. Nei koarte tiid wie de brân ûnder kontrôle en waard der neiblust.

It is net dúdlik wat der yn de skuorre stie. Undersocht wurdt hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)