Mei 150 km oer de Wâldwei: rydbewiis kwyt

24 apr 2016 - 08:05

It ferkearsteam fan de plysje hat sneontejûn wer in pear rydbewizen ynfoardere. Oer de Wâldwei by Garyp ried in man fan Bakkefean (27) 152 kilometer yn 'e oere. Omdat op dat plak 100 km de maksimumsnelheid is waard it rydbewiis fan de man ynfoardere.

Oan 'e ein fan de middei ried in man (31) fan Hengelo mei mar leafst 120 km yn 'e oere oer de slûzen fan Koarnwertersân yn de Ofslútdyk. Op dat plak is 70 km de oere de maksimum snelheid. Ek hy moatst syn rydbewiis ôfjaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)