Koos van der Velde bringt mei MetaQuorum nij materiaal út

23 apr 2016 - 22:22

Fries om utens en drummer Koos van der Velde leit op dit stuit de lêst hân oan twa nije nûmers fan de formaasje MetaQuorum yn Ingelân. Dêr sit er yn tegearre mei de Brit-Rus Dmitry Ermakov. Se spylje funk, progrock, rock, jazz en fusion. De twa nije nûmers komme meikoarten út. Van der Velde docht sels de studio-opnamen. 

Van der Velde waard yn de jierren '90 as grut talint beskôge yn Fryske muzykwrâld. Hy drumde by Fryske bands lykas Lunacy, Disgrace en Megakronkel. Mei dy lêste band die er in Europeeske toer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)