Ien op de sân húshâldings lit taslaggen lizze

23 apr 2016 - 21:23

Ien op de sân húshâldingen makket gjin gebrûk fan taslaggen dêr't se wol rjocht op hawwe. Dat docht bliken út ûndersyk fan it belestingoanjefteprogramma Bokkz ûnder 5100 minsken yn it konsuminteprogramma Kassa fan sneon. It giet dan om lanlike hier- en soarchtaslach en om taslach foar berne-opfang, mar ek om gemeentlike potsjes. Per gemeente ferskilt it nochal wat minsken mei in leech ynkommen krije kinne.

Minsken tinke dat se de taslaggen net krije, of se fine de termen op de oanfraach te ûndúdlik, bygelyks toetsingsynkommen.

Yn oare gefallen wolle minsken net harren hiele hawwen en hâlden by de gemeente op tafel lizze.
Yn trochsneed giet in om in mist bedrach fan 1300 euro.

Trefwurden: 
taslach kassa gemeente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)