FIDEO: Earste swimmers yn opknapte bûtenbad Haulerwyk

23 apr 2016 - 17:05

Mei dit waar sil it nei alle gedachten net gau yn jo opkomme om bûtendoar te swimmen. Dochs wiene der sneon yn Haulerwyk minsken dy't de swimklean oanlutsen om ris lekker yn it wetter te plûmpen. Bûtenswimbad Haulewelle hat nammentlik in flinke opknapbeurt hân. Dêr is goed 80.000 euro ynstutsen. Lekkaazjeproblemen binne oplost, de wanden krigen in nije deklaach en der is in nij gersfjild oanlein. It swimbad kin no wer goed tsien oant fyftjin jier mei. Dat sil wol barre moatte mei de help fan in soad frijwilligers.

Trefwurden: 
swimme Haulerwyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)