Drachtster Boys ferliest mei 4-0 fan VVOG

23 apr 2016 - 16:49
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys ferlear sneon mei 4-0 by VVOG. Yn Hurderwyk kaam de ploech fan trainer Marius Hendriks nei 34 minuten spyljen op in 1-0 efterstân. Fuortendaliks nei de rêst foel der wer in doelpunt en seagen de Drachtster tsjin in 2-0 efterstân oan. Yn de 70e minút makke VVOG dien wurk mei de 3-0. Fiif minuten letter foel ek de 4-0.

Twa wike lyn foel it doek al foar Drachtster Boys, dat degradearret en takom jier yn de earste klasse spilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)