ONS hâldt it op 2-2 lykspul tsjin Katwyk

23 apr 2016 - 16:46
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits pakte sneon in swier befochten 2-2 lykspul by koprinner Katwyk. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt kaam al nei 5 minuten ferrassend op foarsprong. Yumé Ramos fersulvere in strafskop en brocht de Snitsers dêrmei oan de lieding.

ONS wist de foarsprong lang fêst te hâlden, mar fuortendaliks nei de rêst wie it raak foar de thúsploech en kaam Katwyk op 1-1. Rap dêrnei foel ek de twadde Katwykske treffer en moast ONS op jacht nei de lykmakker. Dy foel yn de 88e minút en kaam op namme fan Ale de Boer.

Troch it lykspul komme de Snitsers op 28 punten út 27 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)