Wurk oan entrepotgebou Harns kin no ôfmakke wurde

23 apr 2016 - 16:23
  • It entrepotgebou yn Harns

Wethâlder Maria Le Roy fan de gemeente Harns is bliid mei de oername fan boubedriuw Jurriëns troch it Snitser boubedriuw Friso. Mei de oername is it ôfmeitsjen fan it entrepotgebou yn Harns wer in stap tichteby kaam.

It wurk oan it entrepotgebou lei stil troch finansjele problemen by Jurriëns. Neffens Le Roy hawwe de earste petearen oer it wer oppakken fan it wurk al west. It gebou soe earst yn april wer iepengean. Dat waard dêrnei maaie, mar dat slagget ek net.

Le Roy tinkt mei de oername fan it wurk troch Jurriëns noch krekt in sturtsje fan it toeristeseizoen meinimme te kinnen. Se is bliid dat de wurkgelegenheid fan it spesjalistyske restauraasjewurk fan Jurriëns foar Fryslân behâlden bliuwt.

It fertutearze entrepotgebou oan de haven wurdt omboud ta ûntfangstromte foar passazjiers fan cruiseskippen en histoaryske sylskippen. Der kinne ek ferskate eveneminten plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)