Jonge út Dokkum oanhâlden foar sjantaazje en mishanneling
In 17-jierrige jonge út Dokkum is oanhâlden foar it ôftwingen fan jild ûnder bedriging. Hy wurdt boppedat fertocht fan mishanneling. Dêrfan wiene ôfrûne wike by de plysje ferskate oanjeften binnenkaam. Dêrby kaam in fertochte yn byld en dy jonge is juster oanhâlden. Yn dizze saak waarden ek noch twa baltsjespistoalen yn beslach naam.