Fruitboeren benaud foar skea oan blossems troch kjeld

23 apr 2016 - 15:31

Fruitkwekers yn de provinsje hawwe noed oer it waar. Der komt in kâlde wike oan mei kâns op hagel en wiete snie. Dat is skealik foar de blossem yn de beammen en strúkjes. By It Griene Nêst yn Sumar hâlde se it waar goed yn de gaten. Njonken fruitbeammen stean dêr in soad blebberbeistrûken (blauwe beien). By in bytsje froast kin de opbringst as ferlern beskôge wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)