Bestjoer Park Vijversburg al yn petear mei oannimmer Friso

It bestjoer fan Park Vijversburg is tige ynnommen mei de oername fan oannimmer Jurriëns Noord troch Friso Bouwgroep út Snits. Op it stuit wurdt Park Vijversburg yngreven renovearre, mar troch it fallisemint fan Jurriëns leit it wurk stil. No't Friso it bedriuw oernimt, liket der wer in iepening te wêzen om it wurk gau troch te setten. De earste petearen dêroer hawwe sneontemoarn west en dy wienen posityf.
Jurriëns is ek belutsen by in oar grut projekt yn Fryslân: de renovaasje fan it entrepotgebou yn Harns.