Alliade: taksybuskes Klomp ride moandei

De betellingsproblemen fan taksybedriuw Klomp meie net ta skea gean fan de kliïnten fan soarchgroep Alliade. De soarchgroep hat dêrom ôfspraken makke mei de húsbank fan Klomp om derfoar te soargjen dat de sjauffeurs fan de taksys de disel betelle krije. Troch de finansjele problemen hat de bewâldfierder alle tankpassen blokkearre.
Sjauffeurs moatte de kosten dy't se meitsje no earst sels foarsjitte. Neffens wurdfierder Gerard Akkerman fan Alliade krije se dat jild garandearre werom.
It ferfier fan kliïnten fan de soarchgroep foar kommende moandei is yn alle gefallen wis. Akkerman seit dat de situaasje dei foar dei op 'e nij besjoen wurdt. Alliade hat al in needplan klear te lizzen foar it gefal dat Klomp fallyt giet. It taksybedriuw hat al langer finansjele problemen. Neffens de fakbûnen soe dat komme omdat se te leech ynskreaun hawwe op oanbestegings foar it taksyferfier.
Tydlike tankpassen
Neffens fakbûn CNV wurde no tydlike tankpassen útdield. Dêrneist hawwe de sjauffeurs oanjûn dat sy net wolle dat de kliïnten fan soarchbedriuw Alliade de dupe fan de problemen wurde. Neffens Linda Slagter fan fakbûn CNV binne de sjauffeurs 'tige motivearre' om troch te gean mei it ferfier. Slagter hopet dat der ein nije wike mear dúdlik wurdt oer hoe't it komt mei taksybedriuw Klomp.