Fjirtjin skûtsjes oan de start by twadde Turfrace Drachten

Yn Drachten is sneon de twadde edysje fan de Turfrace Smellingerlân úteinset. Mei-inoar dogge fjirtjin skûtsjes oan de race mei. De rûte bringt de skippen fan Drachten oer ûnder oare De Pein en De Rottefalle werom nei Drachten. De organisaasje ferwachtet dat de earste skûtjes om healwei fjouweren oer de finish komme.
De skûtsjes meie allinnich mar spier- of wynkrêft brûke om by de finish te kommen. Underweis moatte der ek noch opdrachten útfierd wurde om punten te fertsjinjen.
De organisaasje fan de Turfrace is tefreden oer de belangstelling en sil de race oer trije jier wer organisearje.