Harkyt oanhâlden nei ûngelok, freondinne ferwûne

23 apr 2016 - 10:18

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in ynwenner (22) fan De Harkema oanhâlden, nei in iensidich auto-ûngelok yn Surhústerfean. De man botste tsjin in beam. Syn freondinne (16) út Koatstertille rekke by it ûngelok ferwûne en waard oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

De Harkyt wie ûnder ynfloed fan drank. De man waard sa agressyf by syn oanhâlding, dat de plysje him de hânboeien omdwaan moast. It rydbewiis fan de man is ynfoardere.

Trefwurden: 
ûngelok rydbewiis drank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)