Seffinga:"Museumwike is foar soad Fryske musea te lang"

Dit wykein einiget de nasjonale museumwike. It is foar it twadde jier dat it in hiele wike is, mar guon musea fine dat te lang duorjen. Sa hat it skipfeartmuseum yn Snits allinich dit wykein iepen hûs. Op sneon kinne besikers saken taksearje litte troch in saakkundige.
Ek ferskate oare musea yn Fryslân fine in hiele museumwike te lang. "In formule foar in hiele museumwike wurket yn de Ranestêd miskien wol, mar is foar Fryslân net sa geskikt", seit direkteur Meindert Seffinga fan it Frysk Skipfeartmuseum.