Noch gjin kommisje foar ûndersyk nei Alliade

It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
It is net slagge om al ôfrûne wike in kommisje yn te stellen dy't ûndersykje sil oft by soarchynstelling Alliade sprake is fan belangeferfrisseling troch twa fan de direkteuren. De Twadde Keamer hie hjir om frege. Yn in brief oan de keamerleden seit steatssekretaris Martin van Rijn dat der noch wurke wurdt oan de troch Alliade ynstelde kommisje en oan de opdracht dy't de leden fan de kommisje krije.
Dy opdracht moat ôfstimd wurde mei de ynspeksje foar de sûnenssoarch, de Nederlânske Soarchautoriteit en it ministearje.