Kollum: Kursus ekonomy

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"It sintraal buro foar de statistyk hat bekend makke dat alle provinsjes yn Nederlân in moaie ekonomyske groei hawwe. Twa lykwols net. Grinslân en Fryslân. Grinslân net om't se der minder gas opsûgje. Fryslân hat  wol wat foarútgong, mar dy is behyplik, in heal persint. It gers groeit yn Fryslân hurder as de ekonomy, guon boeren bin al wer oan it kuilen. Mar ek dy boer sit mei tearen yn de holle op de trekker, it wol by him ek net. Dus nei de iepening fan it VNO/NCW netwurkkantoar yn de Kânselarij yn Ljouwert fan 'e wike, want wy en it CBS kinne wol seure, sy regelje dochs de ekonomy.
No dêr kinne se dus gjin soademiter fan. Witte jimme wat dy ek noch fan oarsprong Fryske foarsitter van VNO/NCW Hans de Boer sei: ja Fryslân docht it goed op it mêd fan de suvel en it toerisme, mar it moat him no tariede op it ûntwikkeljen fan alternative brânstoffen en op de âldereinsoarch. De Fryske ekonomyske ûntwikkeling soe helle wurde moatte út âldereinsoarch? Wol nee, de oerheid stekt miljarden yn de soarch en wa hellet der dan jild út? Presys, Tom Genee en sokken. En it ûntwikkeljen fan alternative enerzjy? No, we dogge net oars, mar dat smyt ekonomysk gjin lover op, want dy soai is fierstente djoer.
Hans de Boer soe ris better om him hinne sjen moatte yn Fryslân. Suvel en toerisme bin okee, mar yn beide gefallen noch gjin fetpot. We ha der allegeduerigen gedoch mei. Wy sette mei it toerisme yn op ús kultureel histoaryske wearde, fertaald yn kulturele haadstêd. Europa hie betrouwen yn de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert dy’t skouder oan skouder fantastyske bidbooken skreaune. Se krigen en krije miljoenen om it ek út te fieren. De ekonomyske oarder is altyd dat jild mear jild opsmyt. Nó dus net yn Fryslân. En dus komt de grutskens fan KH18, it swarte goud, it Fryske hynder, 30 meter heech net op de Ofslútdyk te stean. Cees Roozemond jankt der oer, mar it symboal fan KH18 is al ferdwûn foardat it opboud is.
It oare symboal fan KH18 is de kening fan de greide, ús nasjonale fûgel, de skries. Oant Spanje ta soe Europa it grutto-gruttolûd fia Sietse Pruiksma syn piano gewaar wurde yn 2018. Mar ik wit net. Professor Theunis Piersma hat no ûntdutsen dat in troch him ynset wittenskiplik ûndersyk nei de skries ynienen gjin jild mear kijt fan de provinsje. Dyselde provinsje dy’t altyd sa grutsk wiist op dat der in skries op de kont fan it Fryske hynder sit. Piersma hat allegearre jonge studinten yn it lân stean, dy sette hieroglifen op skriesaaien, mar oan de ein kin hy ús dan fertelle hoe’t dy skries yninoar sit. Ja, ik wit wol werom't dy altyd fuortgiet, we ha yn de winter gjin goed fretten foar de skries. Mar ik wol ek witte wêrom sit hy op dat stik lân wol en op dat stik lân wer net. Mar hoe’t je dêr ek oer tinke, je sette ûndersyk yn en dat moatte je ôfmeitsje, want oars hie de earste ynvestearring net nedich west. Fuortsmiten jild. Simpele ekonomy. Sa kriget Fryslân dochs it jild fan Wetsus ek elke kear byinoar.
Der wurdt yn beide gefallen easkjend nei de provinsje sjoen. Dat is yn it gefal fan dat hynder ûnterjochte. Se ha de útfiering oerlitten oan it saneamde team 2018 en as dy beslute dat dat hynder te heech foar harren giet, dan bin sy ferantwurdlik. Net de provinsje. Dy hat der al in soad jild oan  jûn en dat kin je tefolle, temin of prima fine, mar dat wie de politike útkomst. De VVD begûn him der fan 'e wike ek al mei te bemuoien. Oare partijen wolle dat gemeenten en provinsje projekten dy’t ekonomysk net helber binne, ek noch betelje bûten wat se no al dogge, mar beslút is beslút.
Dat skrieze-ûndersyk moat de provinsje wol betelje. Dan hiene se earder neat jaan hoegd, se wisten hoe lang it duorje soe. Oars hie fan dát jild wol moai in moai hynder boud wurde kinnen. Dat kin net mear. It is net oars. Helje dat skriezegedoch dan no mar út KH18, en jou dat jild dan mar oan Piersma syn ûndersyk."