Undersikers siedzje seegers tusken Gryn en Skylge

23 apr 2016 - 07:39
  • De seegersplanters oan it wurk tusken Gryn en Skylge
  • Op dizze 'ikker op see' binne 80.000 seegerssiedsjes plante

Undersikers fan de Ryksuniversiteit Grins en de Radboud Universiteit eksperimentearje mei help fan Natuurmonumenten mei it siedzjen fan seegers tusken fûgeleilân Gryn en Skylge. Al jierren lang besykje ûndersikers om it seegers yn it Waad werom te krijen. Oant no ta witte se net hoe't je soks krekt dwaan moatte.

It eksperimint rjochtet him op it siedzjen fan sied op in plak dat foar it grutste part fan it jier ûnder wetter stiet. En dat is nij. Seegers dat hast altyd ûnder wetter stiet, oerlibbet de winter makliker.

Om de kâns dat it gers oerwinteret sa grut mooglik te meitsjen, wurdt it sied sa konsintrearre mooglik ynsiedde. Foar in part bart dat ek yn kokosmatten om foar te kommen dat it sied wer fuortendaliks fuortspielt. Mar it is net maklik om in momint te finen dat de plaat drûch genôch stiet om de 80.000 siedsjes op 100 kante meter yn de siedzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)