Doarpshûs fan Jorwert wurdt wenhûs foar statushâlders

22 apr 2016 - 21:51

De ferbouwing fan it doarpshûs yn Jorwert ta wenhûs foar statushâlders is úteinset. Mar de eigener fan it doarpshûs, Doarpsnut, makket him noch wol soargen, want de finansiering is noch net rûn. Dat dochs al begûn is mei de ferbouwing komt trochdat de famylje dy't der yn komt, der eins sa gau mooglik yn moat. It giet hjirby om in famylje fan in heit en in mem mei acht bern dy't no noch yn it AZC yn Oisterwijk sitte.

Doarpsnut stekt sels 10.000 euro yn de ferbouwing en hopet yn de kommende wike de oare 20.000 euro te regeljen. Dat sil nei alle gedachten liend wurde moatte. Mar dan wol it doarp wol de garânsje hawwe dat der de kommende fiif jier ek echt statushâlders yn komme te wenjen. Dy garânsje kin of wol de gemeente Littenseradiel oant no ta net jaan.

Petearen

Kommende wike binne der petearen mei de Taskforce Fryslân - dat him dwaande hâldt mei de húsfêsting fan statushâlders yn Fryslân - en b. en w. fan Littenseradiel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)