Winst foar ôffalbedriuw Omrin

22 apr 2016 - 20:12

Offalbedriuw Omrin hat oer 2015 in winst makke fan 1,2 miljoen euro. De direksje is tefreden oer dit resultaat, sjoen nei de delgong fan de oaljepriis en it negative effekt dêrfan op de opbringsten út de enerzjy-ôfset.

Omrin hat sûnt foarich jier ek in nije oandielhâlder. It giet om de Regio Noord-Veluwe. Ek in tal oare gemeenten hat de yntinsje oandielhâlder te wurden. Omrin nimt hjiroer yn juny in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)