''Plysje hâldt minsken fierstente gau fêst''

22 apr 2016 - 19:16
  • (stockfoto)

De plysje hâldt fierstente gau minsken fêst 'yn it ramt fan it ûndersyk'. Dat seit advokaat Bart Canoy fan Ljouwert yn reaksje op it nijs dat it rjochters it ôfrûne jier yn totaal 28 miljoen euro oan skeafergoeding takend ha oan minsken dy't ûnterjochte yn de finzenis sieten. 17.000 finzenen ha sa'n fergoeding krigen, blykt út sifers dy't it CBS dizze wike iepenbier makke.

It binne hieltyd faker minsken dy't earst troch de plysje trije dagen fêstset wurde, dy't sa'n skeafergoeding krije.

Unterjochte fêst

Ien dy't ûnterjochte op in plysjeburo fêstholden wurdt, krijt dêr 105 euro deis foar. Yn in hûs fan bewar is dat 80 euro deis, behalve as der gjin kontakt mei de bûtenwrâld is, dan komt der noch 25 euro by. Mar, seit Canoy, de earste seis oeren telle net mei. En nachts krije je ek neat. Dus wa't om alve oere jûns oppakt wurdt, moat earst de nacht troch. Moarns pas geane de seis oeren yn. En dan kin it samar wêze dat je oant trije oere middeis fêst sitte, sûnder dat dêr in fergoeding tsjinoer stiet.

Gjin fergoeding

Minsken dy't feroardiele wurde, krije ek gjin fergoeding. Dat liket terjochte, mar it is wat krom, seit Canoy. Stel, je wurde derfan fertocht dat je in fyts stellen ha. En fan moard. Je sitte twa jier fêst foardat je feroardiele wurde. Foar stellerij. Fan moard wurde je frijsprutsen. Dan krije je gjin sint. Ek al moatte je normaal miskien in moanne de sel yn foar stellerij. En dan moatte je al wol in hiele bulte fytsen stellen ha. "Dat moet veranderen," seit Canoy, "dat moet gewoon veranderen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)