Kealtsjes net ferplichte langer by de ko

22 apr 2016 - 18:57

Kealtsjes hoege net ferplicht langer by de mem te bliuwen. Steatssekretaris Martijn van Dam liet freed yn in brief oan de Twadde Keamer witte dat hy wegeret om der regels foar op te stellen. De Twadde Keamer naam yn maart noch in moasje fan de Partij voor de Dieren oan dy't dat ferplicht stelde. It soe better wêze foar de bisten. Fryske boerinnen kamen yn aksje tsjin it beslút en gienen nei Den Haach om ferhaal te heljen. 

"Het onderwerp kalf bij de koe raakt mensen", skriuwt de steatssekretaris yn syn brief.

Van Dam fynt it goed dat der oer diskusjearre wurdt, mar hy fynt dat de oerheid him der net mei hoecht te bemuoien. "Het is primair de verantwoordelijkheid van de melk- en kalverhouderij om samen met de zuivelketen na te denken over de vraag hoe kalveren een goede start kunnen krijgen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)