Keatssimmer wer begûn mei gearkomste yn Frjentsjer

22 apr 2016 - 18:34

De keatssimmer is wer begûn. By in ynformele gearkomste yn de Bogt fan Guné brochten topkeatsers KNKB-bestjoerders en de sponsors in toast út op it nije seizoen. Der wurdt wer rekkene op in goeie keatssimmer wêryn in tal eardere feroarings, wer werom draaid is. Sa moat der wer rjocht opslein wurde en begjinne de wedstriden wer om 11 of 12 oere.

Foar twa ikoanen út de Fryske keatswrâld betsjut dit it lêste seizoen op it heechste nivo: Daniël Iseger en Sjoukje Visser. Beiden hoopje noch ien kear in soad prizen te pakken, wêrby Daniël Iseger benammen ynset op 'Bitgum', dêr't er noch nea winne koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)