FNV makket him grutte soargen oer situaasje by Caparis

22 apr 2016 - 16:47
  • Caparis

It fakbûn FNV hat grutte soargen oer de situaasje by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dan giet it om de ûnwisse takomst fan it bedriuw, de eangstkultuer en de skorsing fan twa direkteuren. En dan hat Caparis him ek nochris net oan de CAO hâlden. De hjoeddeiske direkteur en de foarsitter fan de ried fan kommissarissen, Robert Veenstra, jouwe de skuld neffens it fakbûn oan de skorste direkteuren.

Unsin

FNV-bestjoerder Gea Lotterman fynt dat ûnsin en leit de ferantwurdlikheid folslein del by Veenstra. Hy is neffens it bûn de konstante faktor yn it bedriuw dêr't de ôfrûne jierren ferskate bestjoerswikselingen west hawwe. Ek leit se de skuld fan alle ûnrêst by him del.

It fakbûn wol om de tafel mei de ried fan kommissarissen en mei de acht gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis om de problemen te besprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)