Friso Bouwgroep nimt boubedriuw Jurriëns Noord oer

22 apr 2016 - 15:31

Friso Bouwgroep út Snits nimt it boubedriuw Jurriëns Noord oer. It bedriuw makke dat freed bekend. Jurriëns sit al langer yn swier waar en socht in oernamekandidaat. Friso hat yn har eigen organisaasje in renovaasje en restauraasje ôfdieling, en it bedriuw hopet dat de oername fan Jurriëns helpe kin dy ôfdieling noch sterker te meitsjen.

Op dit stuit wurkje der sa'n tritich minsken by Jurriëns. Dizze minsken kinne foar in grut part yn Grins en Snits wurkjen bliuwe.

It Grinzer bedriuw is ûnder oare belutsen by it projekt fan it glêzen paviljoen Vijversburg, en it entrepotgebou yn Harns. Doel fan Friso is dat dizze projekten sa gau mooglik ôfmakke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)