Plysje Noard-Nederlân siket ekstra resjersjeurs

22 apr 2016 - 14:25
  • It plysjeburo yn Ljouwert

De plysje Noard-Nederlân set ekstra resjersjeurs yn foar de bestriding fan swiere kriminaliteit. Dêrfoar komme 32 ynterne fakatueres beskikber. Ek docht de plysje in oprop oan minsken fan bûten om te sollisitearjen as finansjeel of digitaal resjersjeur.

De plysje hat op it stuit 59 fulltime resjersjeurs dy't de swiere kriminelen opspoare moatte, mar dat is net genôch. In soad saken bliuwe op de planken lizze. Dêrom komme der op dy ôfdieling no 32 banen by. Yn totaal telt de noardlike resjerzje sa'n 700 fte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)