Betize man mei heechwurker fan dak helle

22 apr 2016 - 13:33

De betize man dy't freedtemiddei fan it dak fan in gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert helle waard troch de brânwacht, is in 26-jierrige Ljouwerter. De man wie ûnder ynfloed fan drugs en stie mei in grut mes te swaaien. Om't er net it dak nei ûnderen komme woe, hawwe de plysje en brânwacht de Ljouwerter mei in heechwurker fan it dak helle.

Om't er neat fernield hat, krige de man allinnich in boete. Hy wurdt fierder ûndersocht troch de GGD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)